Home

De Grouster weagen

Rôlje, rôlje, wetterweagen
Rôlje en brûs om ‘t âlde Grou
Miriaden foar ús eagen
Fleagen, stauwen om ús Grou
Rôlje, rôlje ús foarby
Hurde Friezen bliuwe wy
Hurde Friezen bliuwe wy

Rôlje, rôlje, Fryske weagen
Rôlje en wâlje om ’t âlde Grou
Brûs en wiggelje âlde weagen
Kroanje de âlde rune trou
Rôlje, wâlje âlde Grou
Byld fan echte Fryske trou
Byld fan echte Fryske trou

Heit en men binn’ hjir bedutsen
Berntsjes, twiichjes fan myn hert
Suchten binne hjir ferbrutsen
Dy’t myn God allinne heart
Hiel myn libben fleach foarby
Alde trouwe Grou, by dy
Alde trouwe Grou, by dy

Rôlje, rôlje, Grouster weagen
Brûs en spiel jit om myn grêf
Libjend koe ‘k dy net besjonge
Spiel my deade wei as tsjêf
Lit myn berntsjes leaf en frij
Roeie en djoeie dan yn dy
Roeie en djoeie dan yn dy

Rôlje, rôlje, wetterweagen
Rôlje en brûs om ’t âlde Grou
Miriaden foar ús eagen
Fleagen, stauwen om ús Grou
Rôlje, rôlje ús foarby
Hurde Friezen bliuwe wy
Hurde Friezen bliuwe wy

Tekst: E.H. Halbertsma/ Melodie: P.J. Troelstra